Offalkontainers

Je hawwe ôffalkontainers en ôffalkontainers. Sa’n bak is handich foar al jo húshâldôffal, mar it each wol ek wat. En as jo as jiskeman moarns betiid al sokke fleurige kontainers foar de karre krije, dan fleuret jo sin dêr grif hielendal fan op.