De krusing Haedstrjitte en Master Gorterstrjitte is somtiden in drok punt dêr’t bern oer de dyk gean nei en fan skoalle. No de werynrjochting fan de haedstrjitte klear is is der in moaie oerstek stoeptegel pleatst. Oan de hân fan in Frysk rymke leart Joep elkenien hoe’t je feilich oerstekke moatte.