It mei elkoar ite is sa gesellich, it makket sa’n gewoane woansdei, midden yn de wike tige bysûnder. Oare wike woansdei, 30 april om 12.30 oere meitsje Abe en Marjanne yn it tsjerkelokaal it iten klear. Dit alles kostet mar € 5,- p/p. Liket it jo wat ta, kom der noflik by.
Eltse lêste woansdei fan’e moanne sitte we oan tafel. Jo, jim binne wolkom. Wol efkes opjaan bij Jelly van der Zijl, fan Wolwêzengroep, Doarpsbelang. tel.0566 602399.