Juster makken de pjutten in moai begjin oan de krystfakânsje. Tegearre mei alle juffen sieten sy oan it krystmoarnsbrochje. Juf Hetty fertelde in krystferhaal, en der waard mei-elkoar songen. Fannemoarn ite de bern fan de Trije Doarpen Skoalle mei-elkoar.