Oan it koartste ein lûke

Nei’t it toulûkteam fan Deinum/Britsum yn desimber Nederlânsk kampioen waard, wie de folgjende stap it wrâldkampioenskip. Dat barde dit wykein yn Perth yn Skotlân. Mei help fan de Frienzers Klaas Hylkema en Jaring-Jan Boersma is it achttal fan Deinum-Britsum yn de klasse oant 640 kilo fjirde wurden.