Oaljekoeke ite

Fan ‘e moarn waarden troch de fertsjinwurdigers fan Doarpsbelang Reduzum, Friens en Idaerd 1248 oaljekoeken, 528 krintebollen en 340 appelbollen útsutele. De ynwenners fan de trije doarpen kinne mar wer raak ite. De opbringst fan de aksje wie dizze kear 398,50 euro en is bedoeld foar in nij tastel yn de boarterstún fan Friens.