Noflike Peaske

Samar ynienen hold it op, gewoan, hast alles. Neist soargen oer sûnens, wie der tagelyk ek wille om alderhande gekke en kreative dingen, dy’t yn dizze situaasje spontaan ûntstiene.
By de Vrouwen van Nu lei alles ek samar stil, gjin workshops, filmjûn as oare aktiviteiten. Dêrom krigen de leden in moai boeketsje foar in bytsje fleur op’ e tafel.