It sil jim net fernuverje dat it mei de tariedingen fan ús nije stik (Godlike komeedzje 2.0) wer oars moat. Troch de strangere koroanamaatregels is it net mooglik om op sneon 14 novimber en op snein 29 novimber byinoar te kommen. We moatte yn elk gefal wachtsje oant mids desimber, hooplik is de situaasje dan ferbettere. As der dan wer mear mei en kin, prikke we nije datums. De earste frijwilligers, spilers en sjongers hawwe har al opjûn.