Ek dit jier wol de Linepraat wer omtinken jaan oan de nijjierswinsken. Foar de aardichste/orizjineelste winsken wurde der in pear pryskes beskikber stelt. De skoalbern komme hûs oan hûs te freegjen as jo meidwaan wolle.
De kosten binne € 1,00 , wêrfan € 0,50 foar de bern is. De briefkes wurde ophelle yn de wike fan 7 oant en mei 11 desimber.
De nijjierswinsk mei net langer as 6 rigels wêze.