Geartsje, Maria, Welmoed, Klaske en Sytske hienen ûnderling in weddenskip betocht. Hja soenen mei-elkoar yn nijjiersdûk nimme. Net ien joech belies, dat fannemiddei setten de froulju nei Jirnsum foar de dûk. It wetter wie kâld, mar de wille wie der net minder om.