Nije skommel foar Friens

De boarterstún yn Friens hat sûnt dizze wike in nij boarterstastel.
De âlde skommel is ferfongen troch in nije nêstskommel.
De ekstra grún dy’t nedich wie is stipe troch Transportbedriuw Bakker.
Pleatslik Belang Friens hat dit foar elkoar krigen mei subsydzje fan de Gemeente Ljouwert.
Bern fan Friens en al dy oare bern dy’t wol gau ris del komme, in soad wille der mei!