Nije frontfoto

We hawwe in nije frontfoto boppe de webside. Dizze is makke troch Marina Bonnema. Foar mids jannewaris wolle we graach in winterfoto mei in werkenber stikje Reduzum as Friens. De foto moat in JPG-bestân fan minimaal 1024×768 pixels, lizzend formaat wêze. Stjoer dy op nei redactie@reduzum.com.
De redaksje set de moaiste foto in oantal moanne op www.reduzum.com.