Nije baas foar Tigchelaar Tegelkachels

Hjoed ha Fetze en Geertje Tigchelaar, nei 30 jier, it fjoer fan Tigchelaar Tegelkachels oerjûn oan Klaas en Klaasje. Mei in feestlike gearkomste waard dit fierd yn it prachtige nije bedriuwspân yn It Fean.
Nei’t Reduzum jierrenlang de thúshaven fan dit moaie bedriuw wie is dat no dit nije pân oan de Tinweg wêr’t alles, showroom en wurkpleats, yn ien gebou sit.