Al yn 2007 kaam de wenningstifting Elkien mei plannen foar nijbou oan de Master Gorterstrjitte 28, 30, 32. Oant trije kear ta waarden de plannen ôfblaast en op ‘e nij besjoen. Oan de lange striid tusken alle belutsen partijen komt hjoed in ein.
De bewenners Eppie en Tieneke Otter krigen nei lang wachtsjen fannemoarn de sleutel fan harren nije hierwenning.