Nijbou Eagum

Lang om let wurdt der no dochs boud op it braaklizzende stik grûn yn Eagum. De famylje F.Hooghiemster hat foarige moanne de earste peal slein foar harren nije wente. As alles goed giet is oan it ein fan it jier it oantal ynwenners fan Eagum mei fiif persoanen tanaam oant 40 bewenners.