Yn april 2009 is der wer in jiergearkomste fan Doarpsbelang. Krekt as yn foargeande jierren wurdt der op dizze gearkomste wer ôfskie naam fan ien fan de leden fan it bestjoer. Hâldt yn dat it bestjoer no al wer op syk is nei in nij bestjoerslid. It bestjoer hat al inkele minsken op it each, mar noch nimmen frege. It bestjoer wol nammentlik ek de help freegje fan de doarpsbewenners. Hawwe jo sels belangstelling of witte jo immen, dy’t miskien in sit yn it Doarpsbelangbestjoer nimme wol, nim dan kontakt op mei Piter Renia (601016) of Geeske Smorenburg (602164)