Dizze winter gjin ferhalenjûn, dus dêrom stjoert Omrop Fryslân dizze wike in podcastrige út, oer ‘It firus en ik’. Hjoed it ferhaal fan Nicolien Wolfs, dy’t wurksum is by Jeugdhulp Friesland.
‘It firus en ik’ binne persoanlike ferhalen fan minsken oer de ympakt fan corona. Se wurkje yn de soarch of binne sels siik wurden. Ha har neiste ferlern of biede treast oan alderein dy’t hielendal allinne kamen te sitten. Ferhalen dy’t oars ek live ferteld wurde soene op de Verhalenavond op 6 november.