Foarich jier koe it spitigernôch net trochgean, mar gelokkich dit jier wol! Op freed 2 july, fan 21:00 ôf, sille we nachtkeatse. En wol ûnder lieding fan de organisatoaren en sponsors fan dizze edysje: Siebe Fennema (06 42926380 ) en Werner Vermeulen (06 22388528)
Jou dy foar woansdei 30 juny 19.30 op by ien fan dizze mannen. Graach sjogge Werner en Siebe elkenien ferklaaid op it fjild; der is in priis foar dyjinge dy it moaist ferklaaid is! Se hoopje op in soad dielnimmers en sjogge jimme graach op freed 2 july!