Murphy’s quiz stelt easken oan dielnimmers

In wyt t-shirt en sokken mei gatten deryn, in strutsen bûsdoek, neilknipper, 1 eurosint, kroechmunt, toskpluzer, ID-kaart, deo en noch in treinkaartsje. It wiene swiere easken foar de seal fol dielnimmers. Mar lokkich koene de 15 teams hjir wol mei út de fuotten.
It team ‘Digitale wyn’ hie de hiele jûn de wyn der goed ûnder, mar yn de sportronde moasten se it ôflizze tsjin de Raad van 11-6.