Moarns Ier hat de lêch út

Op 30 septimber ha de leden ôfskied naam fan harren aaisikersklub. Mar leafst 125 jier wie ‘Moarns Ier’ mear dan in begrip yn ús doarpen. It lêste boek oer ‘Moarns Ier’ is ek út. Foarsitter Sybren Jansma hat besocht dy 125 jier wer te jaan yn dit boek mei omtrint 100 foto’s, prachtige ferslaggen en moaie, wier barde sterke stikken. It jout wer op hokker wize ús doarpsgenoaten it aaisykjen belibben. In protte histoarje foar mar € 30.Koartom, in boek om te krijen en in boek om wei te jaan.