Mei inoar ite: Bring your own plate

Noch oardel wike en dan is it Fe*stipe*val! Mei allegear leuke aktiviteiten. Sa kinst bygelyks spikerbroekhingje of dy ferrasse litte mei lekker iten tidens de gesellige ‘Bring your own plate lunch’. Meidwaan of iten en drinken betelje giet op it sportfjild mei spesjale konsumpsjebonnen. Dizze kostje € 2,50 it stik en binne by de yngong te keap, of fan freed 28 augustus ôf by Jeroen en Lutske yn De Welp.