Der wie in soad flecht op ‘e koai op de ynfomiddei fan de Vrouwen van Nu.
De Greidhof wie omtsjoene oant in Haak Inn. Elts koe mar oanskowe foar in workshop Ingelske dropkes en redens haken. In soad froulju diene ek mei oan it haakprojekt ‘de grutste tekken fan de wrâld’. Twa Ljouwerter froulju besykje mei dit ‘oan haak’ projekt yn 2018, 8 miljoen lytse granny squares te hawwe, dy ‘ t tegearre mar leafst 5 fuotbalfjilden oerstrike sille.