Mei de merke hawwe de bern in ballon oplitten. Fan de ballonnen dy’t fierder kamen as de beamtoppen rûn tsjerke, waarden 9 werom stjoerd. Wêrûnder dy fan Ilse Velstra. Dy makke in reis fan 222 km, hielendal nei in foarstedsje fan Hamburg. Se fertsjinne hjirmei in jildpriis en in ballonpakket.