It winterskoft duorre lang foar de Vrouwen van Nu. Gjin gesellige jûnen, gjin útstapkes of oar moetingen foar de froulju. Mar dochs waard der kontakt hâlden. In boskje tulpen by de doar, sukelâde-aikes of in amaryllisbol. En no, foar de simmer, gong de Denktank mei in folle knapsek foar aardige aventoeren, oan in stôk fan de bekende oardel meter, der by del om elk in moaie fakânsje ta te winsken.