Al jierren kinne de Frienzers oan de Oerisselsestrjitwei op de bus stappe. De wrâld, Ljouwert, Grou ensafuorthinne, leit oan har fuotten mei dit iepenbierferfier.
Mar no stiet der sels yn it sintrum fan it doarp in bushalte. By dizze halte komt allinich de Opstapper. Je moat him in oere yn’t foar ‘bestelle’. De opstapper bringt je dan nei in knooppunt dat it tichtstby is, Grou yn dit gefal. Dêr kinne je dan yn in oanslutende lijnbus stappe.