Omrop Fryslân hat opnames makke fan de tariedeingen fan it Olympysk spektakel fan de TDS. Woansdeitejûn sil dit barren opfierd wurde op it skoalplein. In oantal wichtige sporters sa as Leontien van Moorsel en Ellen van Langen sille dizze jûn delkomme.
Jim binne allegear wolkom. Graach sels in stoel meinimme. It begjint om 19.00 oere. Kom op tiid, oars binne jo te let.