Medaljes foar Stânfries

Yn Wurdum waarden juster de ûnderlinge wedstriden hâlden tusken de gymnastykferienings: KVV Weidum, UDI Wergea, KDO Wurdum en ús eigen Stânfries. Der wie wer in soad “read” op de sportflier. Mei net minder as 27 medaljes kamen de bern fan gymnastykferiening Stânfries werom.