Master Henk lit de wrâld rekkenje

De skoalbern kinne net al te bêst rekkenje, as we de media leauwe meie. Woansdei hie Omrop Fryslân in lyts petear hjiroer mei master Henk Korf. Om de harkers te testen lei hy se in oantal somkes foar. Witte jim de antwurden ek? 1 – We gean mei master Henk op ‘e fyts fan Grou nei it Hearrenfean. Dit is in ôfstân fan 16 km. We fytse net sa hurd, 12 km yn ’e oere. Om tsien oere geane we fuort. Hoe let binne we yn it Hearrenfean? 2 – Yn it Fean geane we ek efkes winkeljen. Master Henk sjocht in moaie jurk foar syn frou. De jurk kostet €75, mar it is útferkeap dat hy krijt 20% koarting. Hoefolle moat master foar de jurk betelje? 3 – Yn groep 8 sitte 25 bern. Trije bern hawwe dislexy of discalculy en sil muoite ha mei dit soarte fan somkes. Hokfoar persintaazje is dit. 4 – De benzinepriis leit wol 25% heger as foarich jier. It kostet no €1,50. Hoe djoer wie it ferline jier? 5 – 24 x 75= 6 – 4,5 : 3/8 =

Hark nei de útstjoering fan Omrop Fryslân