It fiskersbloed sit by guon famyljes yn de genen. Fan beppe oan’t de bernsbern. Alles siet justerjûn oan de nije haven te fiskjen. Tsjin de jongste generaasje Van Dijkjes koe beppe Sjoukje net op fiskje. Nei in fûle striid bleau by har net mear dan in dropfiskje fan 4 sintimeter oan de angelstok hingjen.