Lyts ûnderhâld pjutteboartersplak

Troch de wike is it pjutteboartersplak foar de pjutten. Derom fynt it lyts ûnderhâld yn it wykein plak. Al in pear wykeinen binne der in tal âlders drok oan it wurk mei it fervjen fan de balken en it opknappen fan ‘e muorren. As der âlden binne dy’t ek meihelpe wolle, kinne se harren opjaan by ien fan de liedsters.