Lêste skoaldei juf Berber

Nei 42 jier wurksem west te hawwen yn it ûnderwiis fynt juf Berber it wol welletjes…. Fan earst de pjutteklas en doe nei “de basisschool” hat Berber hiel wat gesichtjes út Reduzum, Friens en Idaerd oan har foarby kommen sjoen. En sa binne de bern fan doe, de âlders fan no…. en binne je ûngemurken in generaasjes fjirder. Berber wol no mear tiid ha foar har beppesizzer en foar ál har hobby’s.