Lêste skoaldei

Juster wie der in grut útswaai barren foar de bern fan groep 8. Om in oer as seis sette der in rige auto’s fanôf Blauwe tinte útein. Mei plysje foarop makken se in útswaai rit troch de doarpen. Moarn is foar de bern alwer de lêste skoaldei. Der is in spultsjesmoarn foar harren organisearre. De skoalfakânsje is fan 4 jul 2020 o/m 16 aug.