Lêste busrit ‘master’ Piter

Hjoed stoppet Piter Renia mei it riden op it skoalbuske. Doe’t er yn 2007 as master mei de fut gong, woe der noch net rjocht ôfskied nimme fan de skoalbern. Hjoed wie it dan dochs safier.
Buskesjauffeur Piter krige as ofskiedskado fan de buskebern blommen en tekeningen as in moaie herinnering oan acht jier skoalbus ride.