Leo Smit sit mei syn band Tigers fan Greonterp yn de finale fan it Frysk sjongfestival Liet 2019. De finale wurdt op 15 novimber hâlden yn De Neushoorn te Ljouwert. Mei it nûmer “Ik fret dy op” sille sy besiikje sa goed mogelik te scoren. De winner fan Liet 2019 fertsjintwurdiget Fryslân op Liet internationeel. Dit Europeeske festival foar ferskes yn minderheidstalen sil yn april takom jier plakfine yn Aabenraa (Denemarken).