Leo 2x op Aaipop

Leo Smit spilet dit jier twa kear op Aaipop yn Nijlân. Aaipop is it grutste Frysktalige pop/rock festival yn Fryslân, dat elts jier op peaskemoandei yn Nijlân hâlden wurdt. Leo spilet middeis mei dEROELS yn de Lûdskourre en jûns mei Xigatze yn de Hark & Huverseal.