In lekker miel

Hester Renia is sûnt in pear wike dwaande mei in foto kursus. Nei in oantal lessen hat se in foto fan de roazestrûken naam, om’t der in rûp op siet. ‘Doe’t ik de foto nommen hie, bliken der mear bistjes op te sitten, as allinne de rûp. Hy hat de middei fan syn libben hân en syn búkje lekker fol iten’, sa fertelt se. Doe’t de National Geography in fotowedstriid útskrean luts se de stoute skuon oan en stjoerde de foto yn. It wie in ferrassing, dat har foto foldie oan alle easken dy’t steld waarden! ‘Allinne it feit al, dat ik mei dwaan mei, is al in ear’. Wa wit sjogge we dizze foto nochris werom yn it blêd fan National Geography.