Fannemoarn giene de skoalbern sûnder iten de doar út. Se krigen dit kear harren moarnsbrochje op skoalle. Dat it mei-elkoar iten guon bern stimuleare hat mear as oars te iten blykt wol tusken de middei.
“We ha wol tsien stikken bôle hân”, sa fertelden Tjitse en Karsten stoer. Se wiene der by de tuskenskoalse opfang noch sêd fan.