Lekker bakje op ‘e Ienpleats

Sûnt foarich jier is der foar kuierders en fytsers in Rustpunt oan de Ienswei.
Op it hiem fan melkfeebedriuw De Groot is der in prachtich plakje makke. Je kinne der foar in pear sinten in bakje kofje, tee of fris krije en wa wit hat Els ek noch wat lekkers bakt, foar derby. Der lizze ek spultsjes, dus ek foar bern in moai plakje.
Efkes rûnsjen op it bedriuw as by de melkrobot kin ek as minsken dat wolle.