Yn ferbân mei de ynternasjonale froujusdei joech frouljuskoar Leave 17 juster wol in hiel spesjaal optreden. No’t harren koarlid Ymkje Bouma op alle dagen rint en de ferhúzerij ek hast safier is moasten de hannen ut de mouwe. Mei amers en sop waard al sjongend mei-inoar de âlde bank behimmele.
Ymkje en Lambertus kinne har no mar tariede op hoe’t alles fierders útpakke sil.