Lammerij

Neat jout mear it maitiidsgefoel as it sjen fan lamkes. It binne moaie mar drokke tiden foar de skieppehâlders. Gauris moat de boer it skiep in bytsje helpe by it ôflamjen. Op ‘e foto twa skiep mei seis lammen yn de stâl fan Max Brinksma.