Juster hawwe de bern fan groep 5/6 nei it skoallekuorbaltoernoai west yn Ljouwert. Under entûsjaste lieding fan Willem, Jitske en Dicky ha sy harren úterste best dien. Se kamen thús mei twa hiele grutte bekers. It iene team wie earste wurden mei it kuorbal en it oare team hie as bêste de strafworpen naam.