It wie in feestlik einde fan in kuorbal seizoen juster op it kuorbalfjild yn Reduzum. De kuorballers fan Mid-Fryslân Jansma–Burdaard 1 en 2 binne hjir kampioen wurden. Beide teams hiene AVO as tsjinstanner. It soarge foar in grutte opkomst fan publyk. It 2e spilet kommend seizoen yn de reserve oergongsklasse , it 1e sil nei de haadklasse.