It is heal oktober en moai droech hjerstwaar. It mais yn de omkriten is der al ôf. By maatskip Boonstra binne se drok mei it ynheljen fan it lêste gers. De hakselmasine pakt it op en spuitet it yn de neist him ridende ladewein. Yn in lyts skoftke is it lânwurk sa dien.