Op woansdei 8 jannewaris gean de bern fan de groepen 6, 7 en 8 op ‘e strún troch Reduzum om safolle mooglik krystbeammen te sammeljen. Foar elke beam dy’t se ynleverje krije se in lot en in sinasapel. Mei de lotsjes meitsje de bern kâns op in bon. Dus, bewarje de beam en lis dizze op 8 jannewaris klear foar de bern. De bern gean net nei Idaerd en Friens ta, mar dy beammen meie fansels ek ynlevere wurde; jo kinne se nei it parkearplak by de sportfjilden bringe.De gemeente Ljouwert komt alles opheljen.