Krystbeammen slepe

Wat hawwe de bern harren best dyn mei it sammeljen fan krystbeammen. Oan it ein fan de middei leine der wol 140 beammen op it parkeerplak by it sportterrein. De bern krigen foar elke beam in lot. Age Roorda en Sale Jonker hawwe mei dit lot elk in boekenbon fan €12,50 wûn.