Op woansdei 7 jannewaris komme de skoalbern de krystbeammen ophelje . De skoalle sammelt de beammen yn. Per beam krije se €0,45 en elts bern krijt in sinasappel en in lotsje. Mei dat lotsje meitsje se kâns op in kadobon. De gemeente hellet oan ‘e ein fan de dei alle ynsammele krystbeammen op.
Sa tinke wy mei elkoar foar it miljeu en in goeie ôffier fan de krystbeammen. Ek de minsken fan Idaerd en Friens kinne de beam nei sportkantine bringe.