Lekker iten, fette muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld. Hasto 2 july al yn de aginda? Dan is nammentlik de earste edysje fan it ienige echte Muzuder Iepenloft Festival! It Muzuder team is al drok oan ‘e gong mei de tariedings. Hasto nocht om ús in hantsje te helpen op 2 july, yn ruil foar in tagongskaart? Jou dy dan alfêst op fia info@muzuder.nl! Sy kinne bygelyks wol wat help brûke by it opbouwen fan it terrein, it regeljen fan it ferkear, it ûntfangen fan de besikers en it begelieden fan aktiviteiten.