Learkrêften en buorlju fan de TDS stiene al mei de tillefoan yn ‘e hân om 112 te skiljen. Se tochten dat master Henk platdrukt wurde soe tusken twa auto’s doe’t hy nei skoalle fytste. In tige gefaarlike situaasje! En dit is net de iennichtste. Op skoalle hâlde se somtiden harren hert fêst.