Kreatyf lokaal yn Greidhof

Safolle froulju, safolle ferskillende dingen binne der makke. Der wie sa’n grutte animo by de Vrouwen van Nu foar in workshop by Kleiatelier De Knappe kop, dat der wol trije jûntiden mei klaai wurke waard.
Nei’t alles twa kear yn ‘e oven west hat, binne alle hintsjes, katten, foederfûgels en al it oare moais nei in lekkere high tea mei nei hûs naam. Wat moai dat der noch safolle kreativiteit mooglik is yn Greidhof.