Kreamfiver

De natuer op syn moaist. Juster hiene de Vellinga’s in prachtich spektakel by harren yn de túnfiver. De eine-aaien yn ’t nest yn ‘e wylgebeam kamen út. Ien foar ien sprongen de eintsjes fanút de beam, sa de fiver yn.